Omrin mei Grinslanner VVWNG

01 jul 2008 - 12:19

Omrin wol gearwurkje mei in Grinslanner smoargensferwurker. It giet om VVWNG, Vuilverwerkingsbedrijf Noord-Groningen. Der moat in BV komme dêr't beide bedriuwen elk foar de helte oandielhâlder fan wurde. Beide organisaasje kinne elkoar al, omdat Omrin al in pear jier ôffal ferwurket dat troch VVWNG oanlevere wurdt.

It bestjoer fan Omrin is al akkoart mei de plannen. De gemeenten dy't dielnimme yn it Grinslanner bedriuw, moatte der noch wol oer beslute.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)