HBO-oplieding foar diriginten

NNO-dirigint Michiel Tabachnik (argyf)
Yn Drachten komt mooglik in HBO-oplieding foar diriginten. De provinsje is dêroer yn ûnderhanneling mei it konservatoarium Grins. De oplieding slút oan op 'e MBO-diriginte-oplieding dy´t no ek al yn Drachten is. Oft der oare muzykopliedings yn Drachten komme, is noch net dúdlik.
De provinsje ûndersiket fierders de mooglikheid fan in nije akteursoplieding oan ´e NHL yn Ljouwert. De plannen stean yn 'e nije kultuernota.