Westra wint yn Nieuw-Roden

01 jul 2008 - 09:02
Foto: Omrop Fryslân

Lieuwe_Westra fan Mûnein is moandeitejûn yn Nieuw-Roden winner wurden fan de twadde etappe yn de hurdfytsseisdaagse Noordenveld Westerkwartier. Twadde wie Theo_Postma út Sweagerbosk en tredde Bert_Lip út Hardenberg.

Burgumer Frank_Wierstra kaam as 5e oer de streek. En dat wie genôch om de giele liederstrui oer te nimmen fan Sierd_Steigenga. Dy einige as 15e. Tiisdei stiet de tredde etappe op it programma yn Tolbert.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)