Skerpe krityk op wethâlder

Wethâlder Gerard Hemmes
De CDA-fraksje yn de gemeente Skarsterlân hat skerpe krityk op PvdA-wethâlder Gerard_Hemmes. De partij fynt dat Hemmes fierste traach oan de wenfyzje yn de gemeente wurket. Dêrtroch soene it lêste jier mar 34 wenten yn Skarsterlân boud wêze.
It CDA fynt dat de wethâlder te bot hingjen bliuwt yn 'papierwurk'. Ek kommunisearret er net goed mei de pleatslik belangen fan de doarpen yn de gemeente.