'Fakânsje allinnich fia VVV'

Fakânsje allinich fia VVV
Toeristen moatte har fakânsje boeke by de VVV-kantoaren of oare offisjele reisburo's. Dy oprop docht direkteur Pieter_Smit fan it VVV-kantoar op It_Amelân. Dan witte jo seker dat der neat misgean kin mei jo fakânsje.
Moandei waard bekend dat de plysje in echtpear út Alde_Pekela oanhâlden hat omdat se minimaal acht hûshâldens oplichte hawwe. Se ferhierden op Marktplaats in fakânsjehûske op Amelân dat hielendal net bestie.