Nije single Jitiizer op usb

Jitiizer: aktyf op it poadium en op usb
De nije single fan de Fryske tongercore band Jitiizer komt net op plaat of cd, mar op in usb-stick. Op dizze manier wol de band de nije media better brûke. Se tinke dat se de earste band binne dy´t de stick brûkt as ferfanger fan de cd. Neist twa nije nûmers stean der ek foto´s op fan ûnder oare har tour troch Amearika.
De sticks binne foarearst allinne te keap op konserten fan de band. Yn oktober of novimber wurdt in folsleine cd útbrocht op in usb-stick.