Nijbou Piter Jelles nominearre

30 jun 2008 - 11:48

De nijbou fan Piter_Jelles_Nijlân yn Ljouwert is nominearre foar de Skoalleboupriis 2008. Njoggentich skoallen hiene har ynskreaun foar de priis fan it ministearje fan Underwiis. Piter_Jelles heart by de 22 gebouwen dy´t trochgean nei de folgjende ronde.

Nei de simmerfakânsje wurdt de nijbou yn gebrûk naam. Bysûnder oan it gebou is dat de konstruksje en de liedingen folslein sichtber binne, sadat elts sjen kin hoe´t it gebou yninoar sit en wurket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)