Man mei skootmobyl te wetter

© Omrop Fryslân
In man (77) út Warkum is sneintemoarn troch twa plakgenoaten rêden út it wetter oan de Raardaburren. De man wie mei syn skootmobyl yn it wetter telâne kaam by in automatyske fuotgongersbrêge. Nei alle gedachten baarnde it reade ljocht pas neidat de man it passearre hie, de man hat it alarm fan de brêge net heard.
In diel fan syn skootmobyl waard troch de brêge optild, dêrnei bedarre hy yn it wetter. Twa Warkumers sprongen him achternei en koene de man rêde.