Steigenga earste yn Peize

Sierd Steigenga (foto Martin de Jong)
Sierd_Steigenga fan Eksmoarre hat snein yn Peize de earste etappe wûn fan de hurdfytsmeardaagse Noordenveld-Westerkwartier. Steigenga fersloech, oan de ein fan in omloop fan 80 kilometer, Fries om utens Folkert_de_Haan yn ´e sprint. Ek it tredde plak gie nei in Fries, Frank_Wierstra fan Burgum.
De twadde etappe fan de yn totaal seis dagen duorjende wedstriid wurdt moandeitejûn riden yn Nieuw-Roden.