Jonge mei nepwapen oppakt

29 jun 2008 - 13:20

De plysje hat op it treinstasjon fan It Hearrenfean dit wykein in jonge fan sechtjin jier út dat plak oppakt. Omstanners hienen oan de plysje trochjûn dat de jonge in fjoerwapen by him hie.

By syn oanhâlding die bliken dat it om in nepwapen gie. Omdat it besit dêrfan ferbean is, waard de jonge meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)