Iepen dei by it Griene Nêst

28 jun 2008 - 15:15

Wâldbeantsjes, gieltsjes, wichters en allerhanne oare grienten en fruitsoarten fan eartiids moatte wer iten wurde. Se moatte gau wer op de menukaarten yn de Fryske restaurants, fynt it Griene Nêst út Garyp dat âlde Fryske grienten ferbout.

Sneon hold it kennissintrum iepen dei. De grienten wurdt op dit stuit lytsskalich ferboud en se binne net yn de winkel te keap. De iepen dei luts sneon sa'n twahûndert minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)