Wurdumer mei drugs oanholden

© Omrop Fryslân
In 37-jierrige ynwenner fan Wurdum is ôfrûne nacht op de Bollemanssteech yn Ljouwert oanholden troch de plysje, omdat de fertochte yn in auto ried dy't net fersekere wie, gjin rydbewiis hie en ûnder ynfloed wie fan drugs.
Der is in bloedproef ôfnaam by de fertochte. Yn de auto fan de Wurdumer waarden drugs oantroffen. Foar alle feiten is proses-ferbaal opmakke.