Kânsen algetylt Westergosône

© Omrop Fryslân
Der lizze kânsen foar de kweek fan fisk en de tylt fan algen yn de Westergosône. In ûndersyk fan de provinsje, de NOM, it Van Hall-ynstitút en de projektgroep Westergosône, moat dat dúdlik meitsje.
It gebiet tusken Ljouwert en Harns lûkt mooglik nije bedriuwen as dat wurk goed fan de grûn komt. It foardiel fan de Westergos6one is dat it gebiet flak neist de Waadsee leit en dat Harns in haven en in fiskôfslach hat.