Froulju mei speed ûnderút
De plysje hat freedtejûn in ynwenster fan Lemsterlân en ien fan Skarsterlân oanhâlden. De twa gienen mei har scooter ûnderút yn Sint Nyk, nei alle gedachten omdat se drank en drugs brûkt hienen.
Ek hienen se in tal pûdsjes mei mooglik speed en in fleske GHB by har. By de 28-jierrige ynwenster fan Lemsterlân waard in bloedproef dien, omdat sy de scooter bestjoerde.