Problemen treinferkear foarby
De problemen mei it treinferkear tusken Ljouwert en Akkrum binne foarby. Oan de ein fan de moarn woe de brêge oer de Boarn net mear iepen. It treinferkear kaam dêrtroch stil te lizzen en passazjiers waarden in skoftlang yn bussen ferfierd.
Yntusken hawwe monteurs de brêge wer makke en kinne de treinen tusken Ljouwert en Akkrum wer ride.