Op 'e nij winst foar TU-Delft

27 jun 2008 - 20:05
Foto: Omrop Fryslân

De sinneboat fan de TU-Delft hat freed ek de fiifde etappe fan de Frisian Solar Challenge yn de iepen klasse mei in dúdlik ferskil wûn. De etappe gie oer in lingte fan 45 kilometer fan Frjentsjer nei Dokkum.

De etappe bestie út twa dielen. It earste stik gie fan Frjentsjer nei Bartlehiem. Oan it ein fan de middei waard de lêste trettjin kilometer ôflein nei Dokkum. Sneon is de lêste etappe fan Dokkum nei Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)