Schuil sterk yn Stavanger

© Omrop Fryslân
Richard Schuil en syn maat Reinder Nummerdor hawwe harren as groepswinners pleatst foar de twadde ronde fan it grandslamtoernoai fan Stavanger yn Noarwegen. It beachvolleyduo wûn freed de tredde wedstriid mei 21-15, 17-21 en 15-10 fan 'e Amerikanen Mark Williams en Stein Metzger.
Schuil en Nummerdor binne blykber yn foarm, want se hellen de ôfrûne wike ek al de finale fan it toernoai fan Parys.