Plysje hâldt fandalen oan

27 jun 2008 - 09:57
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat tongersdeitenacht yn Tsjummearum twa ynwenners fan dat doarp oanhâlden. In tsjûge seach dat se saken fernielden op it sportfjild oan de Buorren en warskôge de plysje.

Dy kaam de twa fan 20 en 23 jier op it sportfjild tsjin. It die bliken dat se dronken wienen. Se hienen ûnder oare brân makke yn in ôffalbak en in túnstoel fernield.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)