Fytsrûte by pleatsen del

26 jun 2008 - 19:45

Der komt in rûte foar fytsers en kuierders by Fryske pleatsen del. De Boerderijenstichting Fryslân is mei it Frysk Lânboumuseum dwaande om in rûte gear te stallen. Fytsers en kuierders krije in gps-apparaat mei dat har de wei wiist. It is net mooglik om by de pleatsen binnen te sjen.

De pleatse-rûte is in nije aktiviteit foar de Boerderijenstichting Fryslân. It rikte alle jierren de priis foar de 'Pleats fan it jier' út, mar dêr is it mei ophâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)