Ofspraken oer smookferbod
Om it smookferbod dúdliker te meitsjen hat de gemeente Weststellingwerf ôfspraken makke mei de hoarekasaken yn de gemeente.
Weststellingwerf wol dat alle kaffees deselde regels hantearje. Sa mei de smoker nei slutingstiid, nei trije oere, net mear nei bûten om te smoken. Dan komt dy persoan der net mear yn. De kaffeehâlders hingje ek jiskebakken op.