Kortenhorst út Twadde Keamer

Kortenhorst ferlit de 2e Keamer.
Roland_Kortenhorst giet út ´e Twadde Keamer wei. De CDA-er, dy´t seis jier parlemintariër wie, begjint syn eigen lofttaksybedriuw. De Jouster Kortenhorst hie ûnder oare definsje yn syn politike portefeuille.
Yn dy funksje hat er him ynset foar it behâld fan de SAR-helikopters foar de fleanbasis yn Ljouwert. Kortenhorst neamt it begjinnen fan in lofttaksybedriuw ´in jongesdream´dy´t him lykwols net kombinearje lit mei it Twadde-Keamerwurk.