Training foar lestige klanten

Snits wol lestige klanten oanpakke.
Undernimmers yn it sintrum fan Snits krije in training om agressive en lestige klanten oan te sprekken op har gedrach. De training is in inisjatyf fan de Vereniging Sneeker Zakenlieden.
Snits hat de lêste tiid benammen oerlêst hân fan jongeren. Mei de plysje en de gemeente hawwe de winkellju it probleem besocht oan te pakken en dat liket sukses te hawwen. De jongeren wurde konsekwint op harren gedrach oansprutsen.