Minder oerlêst sintrum Snits

© Omrop Fryslân
De oanpak fan oerlêst fan jongerein yn it sintrum fan Snits docht fertuten. Dat skriuwe de gemeente en de plysje yn in brief oan de winkellju. De winkeliers hawwe de ôfrûne wiken sels de jongerein oansprutsen op harren gedrach, wylst ek de plysje wat faker yn it sintrum te finen wie.
Neffens de gemeente en de plysje hat dat derfoar soarge dat der no minder faak sprake is fan echte oerlêst. Ek it ynsetten fan in jongereinwurker soe derby holpen hawwe.