Plysje mooglik stoarn oan Weil

Mooglik sykte fan Weil yn PM-kanaal
In meiwurker fan de wetterplysje dy't begjin juny op it Margrietkanaal holpen hat by in speedboatûngelok, is ferline wike mooglik ferstoarn oan de sykte fan Weil, In dûker fan de brânwacht hat in skoft yn it sikehûs lein mei ferskynsels fan dy sykte, mar is no wer thús.
De dea fan de wetterplysje en de mooglike besmetting fan de dûker is oanlieding foar de GGD en de Fryske brânwacht om alle brânwachtdûkers te ynformearjen oer de ynfeksjesykte.