Frysk wettersysteem marine

25 jun 2008 - 16:54

Op fjouwer skippen fan de marine drinke se meikoarten wetter út masines fan in Frysk bedriuw. It jonge bedriuw Kisstec út Frjentsjer leveret de saneamde wettermakkers oan de marine. Mei de wettermakkers kin farsk drinkwetter filtere wurde út seewetter en kinne 350.000 liter drinkwetter deis meitsje. De skippen hoege dan net mear nei de wâl om farsk drinkwetter te tanken.

Foar it Fryske bedriuw is de opdracht fan de marine in grutte oarder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)