Sinneboat TU Delft wint wer
De sinneboat fan de TU_Delft hat ek de tredde etappe fan de Frisian Solar Challenge wûn. Sy gongen as earste oer de streek yn Boalsert nei 2 oeren en 5 minuten. De Gowrings_Energy út Maasdam waard 2e mei in achterstân fan 35 minuten.
Twa teams binne hjoed ôffallen. It Maartens_College út Grins gong net hurd genôch en it team fan de Hanzehegeskoalle út dyselde stêd is nei problemen mei it materiaal sels útstapt.