Aaisykjen fierder oan bannen

Oanskerpe regels foar it ljipaaisykjen.
De provinsje hat de ôfrûne jierren net terjochte in ûntheffing ferliend foar it sykjen fan ljipaaien. Dat hat de Raad van State woansdei bepaald. De provinsje neamde yn de ûntheffing in maksimumtal aaien dat socht wurde mei. Neffens de RvS is dat oantal net goed te kontrolearjen. Mocht de provinsje foar takom jier in nije fergunning ferliene wolle, dan moat in bettere kontrôle oantoand wurde kinne.
De saak by de Raad van State waard oanspand troch de Faunabeskerming.