Jonge (12) stekt hea yn brân

25 jun 2008 - 09:26

De plysje hat tiisdeitejûn in tolvejierrige jonge fan It_Hearrenfean oanhâlden omdat er in baal hea yn ´e brân stutsen hat. De balen hea leine opslein op in terrein oan de Omwei op It Hearrenfean. Doe´t de jonge it fjoer net útkrije koe, belle er sels de brânwacht. Dy hat it fjoer útmakke.

De jonge is oerbrocht nei it plysjeburo. Nei in stevich petear mei de plysje, mocht er wer nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)