Plestik ôffal wurdt probleem

© Omrop Fryslân
De Fryske gemeenten binne it net iens mei de ferplichte ynsammeling fan plestik hûssmoargens. Tongersdei wurdt yn Den_Haach oer in nije regeling dêrfoar praat.
De Fryske gemeenten binne oandielhâlder fan ôffalferwurker Omrin. Dy hat yn Aldehaske in ynstallaasje, dêr ´t it keunststof út it hûssmoargens helle wurdt. Dy metoade is miljeufreonliker en goedkeaper, fine de gemeenten.