Nij fabryk foar oploskofje

24 jun 2008 - 15:31

Douwe_Egberts hat op ´e Jouwer in nij fabryk iepene foar it meitsjen fan oploskofje. It konsern ferwachtet dêrtroch yn ´e takomst trije kear safolle oploskofje ferkeapje te kinnen as no. De oploskofje wurdt benammen levere oan Ruslân en Austraalje. Ruslân is in groeimerk, sa seit DE.

De bou fan it fabryk hat 25 miljoen euro koste. De fakbûnen sjogge yn de bou in teken dat Douwe_Egberts takomst sjocht yn de fêstiging op ´e Jouwer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)