Qbuzz aktyf yn Fryslân

24 jun 2008 - 14:55

Ferfiersbedriuw Qbuzz fersoarget fan desimber ôf it iepenbier busferfier yn Súdeast-Fryslân. Dat hat deputearre Adema bekendmakke. It is foar Qbuzz it earste gebiet dêr´t it bedriuw aktyf wurdt. It bedriuw hat op dit stuit noch gjin bussen en personiel.

Qbuzz wie it iennichste bedriuw dat belangstelling hie foar it busferfier yn it súdeasten fan ´e provinsje. Oare ferfiersbedriuwen fûnen de easken fan de provinsje foar dat ferfier te heech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)