Sinneboat TU wint opnij

24 jun 2008 - 14:46

De sinneboat fan de TU-Delft hat ek de twadde etappe fan de Frisian_Solar_Challenge wûn. De race gie fan Snits nei Starum, in ôfstân fan goed fjirtich kilometer. Om tsien oere wie de start en om 12.40 oere kaam de boat fan de TU-Delft oer de finish.

Op de Sleattemermar waard wol in ferkearde rûte keazen troch de winner, mar dat hie gjin gefolgen foar de oerwinning. Op it twadde plak einige Gowrings_Energy út Maasdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)