Skoalle Aldwâld sertifisearre

24 jun 2008 - 14:05

De iepenbiere basisskoalle yn Aldwâld levert in goede kwaliteit ûnderwiis. Dat fynt it Centraal Bureau Openbaar Onderwijs. Dat hat de skoalle dêrom in sertifikaat jûn. It buro is benammen te sprekken oer de spesjale projekten fan de skoalle. Sa is der ûnder oare kontakt mei skoallen yn it bûtelân.

In pear jier ferlyn drige de skoalle noch ticht te gean, omdat der te min learlingen wiene. Troch nij belied sitte der no wer mear bern op ´e skoalle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)