Drokte by seehûnekres

24 jun 2008 - 13:57

De seehûnekres yn Pieterburen hat de ôfrûne tiid sa´n fyftich jonge seehûnen opfongen. De bistjes binne fûn oan ´e Nederlânske kust. Se rekken har mem kwyt, mooglik omdat se steurd waarden troch minsken.

De bistjes wurde inkelde moannen opfongen yn ´e kres. Dêrnei wurde se frijlitten op it Waad. De komst fan de fyftich bisten betsjut wol in flinke oanslach op it budzjet fan de seehûnekres. De opfang kostet sawat 5000 euro per bist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)