Boskbrân op Skylge gau út

© Omrop Fryslân
De bemanning fan fjoertoer De Brandaris op Skylge hat moandeitejûn foarkomme kinnen dat der in grutte boskbrân ûntstie yn de buert fan West-Skylge. Neidat reek sjoen waard boppe de bosk yn ´e buert fan ´e Longway waard in brânmelding jûn fan De_Brandaris nei de brânwacht.
Dy wie gau te plak, omdat it korps earne oars op it eilân oan it oefenjen wie. Uteinlik fleach in stik fan sa´n 250 kante meter grien yn ´e brân.