Dongeradiel: 21 sollisitanten

© Omrop Fryslân
Der hawwe 21 minsken belangstelling om boargemaster fan Dongeradiel te wurden. Dat hat de provinsje witte litten. By de 21 sitte fjouwer froulju. De helte fan ´e sollisitanten hat al ûnderfining yn it bestjoeren fan in gemeente as boargemaster of wethâlder. De measte kandidaten binne lid fan it CDA.
Dongeradiel siket in opfolger foar Roel Cazemier. Dy waard earder dit jier direkteur fan Omrop Fryslân. De opfolger moat fan_´t_hjerst bekend wêze.