CDA: mear defibrillatoren

© Omrop Fryslân
Alle doarpen yn Smellingerlân moatte in defibrillator krije. Dat fynt it CDA yn de gemeente. Yn Drachten hingje al defibrillatoaren yn ûnder oare sportakkommodaasjes en bedriuwen. It CDA stelt de gemeenterie meikoarten foar om ek op oare plakken in defibrillator te hingjen. Dat soe betelle wurde moatte mei WMO-jild.
Mei in defibrillator kinne minsken holpen wurde dy´t troffen wurde troch in hertstilstân.