Deade frou fûn yn De Blesse

24 jun 2008 - 00:03

In team fan tritich resjersjeurs docht ûndersyk nei de dea fan in frou (52) yn De_Blesse. De frou waard moandeitemiddei troch famyljeleden fûn yn har wente. Hoewol´t noch seksje op it lichem dien wurde moat, hâldt de plysje sterk rekken mei in misdriuw.

De resjersjeurs hawwe moandeitejûn wiidweidich spoare-ûndersyk dien yn de wente fan de frou. Ek is út ein set mei in buertûndersyk. Dat ûndersyk krijt tiisdei in ferfolch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)