Luchtmacht net proud to be gay

23 jun 2008 - 11:31

De reklamesleep achter in fleantúch mei de tekst ´Proud to be gay´ (grutsk om homo te wêzen) krijt noch in sturtsje. Sneon seach it publyk op de iepen dei fan de fleanbasis ynstee fan de tekst ´Welkom op de open dagen´ in hiel oare tekst.

Neffens in wurdfierder fan de basis giet it om in grap fan in luchtmachtmeiwurker. De basislieding hat it fleantúch daliks lande litten. Tsjin de meiwurker wurde dissiplinêre maatregels nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)