Sinneboatrace om 3 oere los

De boaten wurde nei de binnenstêd brocht
De twadde edysje fan de Frisian Solar Challenge giet moandei om 3 oere fan start. De organisaasje tinkt dat de wyn him dan genôch deljûn hat om it feilich te meitsjen. De sinneboaten soene earst om healwei tolven starte, mar troch de hurde wyn fan moandeitemoarn doarde de organisaasje dat net oan.
Snein by de prolooch sloegen twa boaten om troch de hurde wyn. De boaten starte yn de Prinsetún yn Ljouwert.