Friesland Vlees ferliest saak

23 jun 2008 - 10:56

Friesland_Vlees hat it koart pleit tsjin minister Gerda_Verburg fan Lânbou ferlern. Moandei die de rjochter yn Den_Haach útspraak: de minister hoecht gjin ûntskuldigings oan te bieden foar har útspraken.

De slachter hie dêr by de rjochter om frege omdat it bedriuw yn grutte swierrichheden rekke nei útspraken fan de minister oer mooglike misstannen by Friesland_Vlees. De slachterij hope dat in rektifikaasje it betrouwen yn it bedriuw werombringe soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)