Skoalle wike ticht nei brân

23 jun 2008 - 10:41

Piter Jelles Aldlân yn Ljouwert bliuwt ticht oant de skoalfakânsje. Dêrmei wurdt der gjin les mear jûn yn de lêste wike fan dit skoaljier.

Sneintenacht soarge brân yn in kontener foar in soad reekskea. De brân wie gau ûnder kontrôle, mar de yngong, dêr´t de resepsje te finen is mar ek de klúskes fan de learlingen, is bot skansearre. De learlingen binne dêrom nei hús stjoerd. De technyske resjerzje ûndersiket de brân. De skoalle ynventarisearret de skea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)