Bern nei hûs nei skoallebrân

© Omrop Fryslân
Op it Piter Jelles yn Aldlân hat brân yn in kontener sneintenacht soarge foar in soad reekskea. Om 1 oere sneintenacht gie de reekmelder ôf en waard de brânwacht ynskeakele. De brân wie gau ûnder kontrôle, mar it wie net foar te kommen dat de yngong fan de skoalle folslein swartbaarnd wie.
Yngong, resepsje en klúskes fan ´e learlingen binne bot skânsearre troch de reek. Piter Jelles hat moandei alle learlingen nei hûs stjoerd. Der wurdt moandei gjin les mear jûn.