Brânwacht by stoarmskea roppen

© Omrop Fryslân
Op ferskate plakken yn Fryslân is sneintemiddei en sneintejûn skea ûntstien troch de hurde wyn. Sa waaide oan de Kroanenburg yn Sint_Anne in wylgebeam om. Dy hong gefaarlik boppe in hûs. De brânwacht hat de beam omlutsen. Op De_Lemmer hat de brânwacht oerhingjende tûken fan in beam by De_Schouw ôfhelle.
Oare meldingen fan stoarmskea kamen ûnder oare út Snits, Drachten, Ljouwert en It_Hearrenfean.