Epke Zonderland wint NK rek

Epke Zonderland fan De Lemmer is yn Amsterdam by de tastelfinales Nederlânsk kampioen rek wurden. Yn syn tarieding op de Olympyske Spullen yn Sina is Epke dwaande mei in nije oefening mei nije flechteleminten.
Dat slagge snein net hielendal, mar it wie genôch foar it kampioenskip. Broer Herre pakte yn Amsterdam sawol by de 'voltige' as yn de ringen it brûns.