45.000 euro ophelle foar ALS

22 jun 2008 - 15:42

De festiviteiten yn Jirnsum om jild op te heljen foar ûndersyk nei de spiersykte ALS hawwe mei elkoar 45.000 euro opsmiten. Dat wie folle mear as de organisaasje tocht hie.

De festiviteiten wiene sneon tagelyk mei it midsimmerfeest yn it sintrum fan it doarp. Sneon wie it Wrâld-ALS-dei. Yn Jirnsum waard dêr foar it earst oan meidien, omdat in âld ynwenner fan it doarp sels troffen is troch de sykte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)