Berltsum wint bûnspartij

22 jun 2008 - 13:36

Foar de earste kear yn de skiednis hat Berltsum de frouljusbûnspartij keatsen yn Minnertsgea wûn. Berltsum mei Marjette_Tuinenga, Harmke Siegersma en Leonie_van_der_Graaf wûn sneon de finale op 5-3 en 6-6 fan Sint_Anne mei Lisette_Wagenaar, Gerieke de Groot en Romy_van_der_Veen.

De tredde priis wie foar Stiens en Akkrum. By dit Nederlânsk kampioenskip foar froulju stiene 29 partoeren op de list.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)