Weriepening tsjerke Wâldsein

© Omrop Fryslân
Wâldsein fiert kommend wykein de weriepening fan it tsjerkegebou De Karmel fan de protestantske gemeente. Dat is de lêste oardel jier fernijd. Sûnt oktober 2007 is foaral it ynterieur fernijd.
Tsjerketsjinsten wiene yn dy perioade yn oare tsjerken of yn it doarpshûs. De offisjele weriepening is nije wike sneon. Der is dan ek in iepen dei. Nije wike snein is der in tsjinst mei as tema 'Samen vieren'. Dêrnei is der in program mei aktiviteiten yn de tún.