Skieden rioel Koarnw´sân

22 jun 2008 - 11:15

Koarnwertersân krijt in skieden rioelsysteem foar de riolearring fan de huzen en it reinwetter. Dat kostet 30.000 euro. Troch it systeem komt der by fûle reinbuien gjin wetter út it rioel mear yn ´e Iselmar telâne. Dêrmei wurdt fersmoarging fan it oerflakwetter foarkaam.

Meiïnoar giet it om 250 meter rioellieding. Fierder wurde de bearputten yn it iepen gebiet bûten gebrûk steld. Se wurde leechsûgd, folstoarten mei sân en ôfsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)