Jan Bos wint Oerterp

Jan Bos wint kritearium Oerterp
Jan_Bos fan Nijhoarne hat sneontejûn it kritearium fan Oerterp wûn. Yn de einsprint wie er rapper as Jan Hendrik Westra, dy´t sadwaande yn syn eigen wenplak twadde waard. Beide hurdfytsers wiene 25 rûntsjes foar de ein útnaaid. Se koene it peloton krekt foarbliuwe. Wim_Stroetinga (Aldeberkeap) wie dêrnei de rapste fan de grutte groep. Sierd_Steigenga (Eksmoarre) waard fjirde.
Troch de wedstriid Nederlân-Ruslân op it EK waard der mar 60 kilometer riden.